Maaie 2020 – De Nije jiergong 2, nûmer 2 leit yn de winkel! It is in temanûmer mei ‘Rekreaasje & Toerisme’ as tema. It tydskrift is foar €4,95 te krijen yn de boekhannel, by de Bruna, de Primera en de Poiesz. Foar mear ynformaasje sjoch De Nije, it Fryske tydskrift.
Febrewaris 2020 – De Nije jiergong 2, nûmer 1 leit yn de winkel! It is opnij in temanûmer mei ‘Iten en Drinken’ as tema. It tydskrift is foar €4,95 te krijen yn de boekhannel, by de Bruna, de Primera en de Poiesz. Foar mear ynformaasje sjoch De Nije, it Fryske tydskrift.
Septimber 2019 – De Nije nûmer 1 sil yn oktober publisearre wurde. It blêd sil fia Betapress ferspraat wurde en komt ek by Poiesz te keap.
April 2019 – De Ried hat besletten mei De Nije troch te gean en fan oktober ôf mei 5 nûmers te kommen, oant en mei ein 2020 (10-19, 1-20, 4-20, 7-20 en 10-20). Der wurdt keazen om te wurkje mei tema’s en it earste nûmer yn oktober sil gean oer lânskip en ekonomy.
April 2019 – Jurjen van der Meer hat de oersetwedstriid wûn fan it liet ‘Big Rock Candy Mountains’ nei it Frysk. Neffens de sjuery kaam hy mei de bêste oersetting fan dy wedstriid dy’t stie yn it 0-nûmer fan De Nije. Tenei sil yn de measte nûmers fan De Nije in soarte fan wedstriid stean, om dêrmei de lêzers te belûken by it nije tydskrift. Mear oer de priisútrikking: (link nei it Nijs)
Maart 2019 – Wy sille de oerbleaune 0-nûmers fan De Nije nei hús- en toskedokters en kappers stjoere. Op dy wize kinne wy de nammebekendheid fan De Nije fierder ferheegje.
Febrewaris 2019 – Yn De Nije is in oersetwedstryd opnommen fan it liet “In de big rock candy mountains“. Oersettingen yn it Frysk, Nederlânsk, Stedsfrysk, Bildts of Stellingwarfs kinne meidwaan oan de wedstryd. Op sneintemiddei 17 maart (15.30) sil de haadpriis fan €150 útrikt wurde yn Stania State yn Oentsjerk. De tagong is fergees, mar graach efkes oanmelde fia it kontaktformulier.
Desimber 2018 – By gelegenheid fan de Fedde Schurerlêzing op 8 desimber koartlyn is it nije tydskrift ‘De Nije‘ presintearre. Prima petearen mei ûnder oaren Jacobi, Hospes, Eringa, Nauta en Breteler. Stik foar stik noflik om te lêzen. Fierder in protte tige nijsgjirrige stikken oer taalferoaring, Afûk, genealogy, natuer, wolfeart en enerzjyferbrûk. Mar noch folle mear! De Nije is foar € 4,95 te keap yn de boekhannel.
Septimber 2018 – Oan it 0-nûmer fan de Glimmer (ynterne wurktitel) wurdt hurd wurke- it leit yn de bedoeling dat dy foar de ein fan it jier yn de boekhannels leit. Dy útjefte is eins ek in merkûndersyk: hoe grut is it ferlet fan in folslein Frysktalich blêd?
Maaie 2018 – It beslút is nommen om oan de ein fan it jier mei in tsjok 0-nûmer (in breed en folslein Frysktalich tydskrift mei in protte moaie foto’s) te kommen, dat as test foar de merk fungearje sil. It opsetten en útfieren fan in goed marketingplan is tige wichtich. Nei in grut ferskaat oan petearen kin no mei it wurk, it skriuwen dus, útein set wurde. In foarriedige kommisje fan in pear riedsleden yn ‘e mande mei in oaren stjoere it gehiel oan. Op dit stuit wurde konkrete stappen oangeande de ynhâld set. Minsken wurde frege om oan artikels mei te wurkjen en / of om te skriuwen.
27 maart 2018 – de Ried is dwaande mei in nij inisjatyf foar in Frysktalige glossy, as opfolger foar de Swingel. De ferskiningsdatum is yn novimber, lyk mei de Fedde Schurerlêzing. It wurdt in 0-nûmer dat yn in grutte oplage ferspried wurdt.
28 febrewaris 2018 – Op grûn fan syn businessplan hat ûndersteand bestjoerslid besletten net útein te setten mei it útjaan fan in Frysk publykstydskrift.
10 jannewaris 2018 – Ien fan de bestjoersleden is dwaande mei in businessplan foar de Glimmer, de opfolger fan de Swingel. De mooglikheden fan selsstannigens wurde besjoen, sadat de Ried yn febrewaris in beslút nimme kin om dêr al of net mei troch te gean. De provinsje wol dêr net yn skewiele.
1 july 2017 – It fyftichste nûmer fan de Swingel is útkommen. Dizze útjefte fan de Ried stjoere wy fergees nei ús stipers. Do kinst it hjir online lêze.