Politike Kommisje & politike saken

Jannewaris 2020 – Yn de politike kommisje fan de Ried sitte no Lútz Jacobi (PvdA), Harry van der Molen (CDA), Aukje de Vries (VVD), Anja Haga (ChristenUnie), Sicco Rypma (FNP), Willem Verf (Grien Links), Sjirk Bruinsma (D66), SP (vakatuere) en Geart Benedictus (linking pin mei it bestjoer Ried).

April 2019 – De Politike Kommisje hat oerlein oer de gong fan saken by it oanbieden fan de petysje yn desimber 2018, de reaksje fan de minister en de petearen mei de Fêste Kommisje fan Ynlânske Saken. Hokker fragen kin de Ried trochjaan oan de Kommisje, troch harren te brûken yn it Algemien Oerlis mei de minister.

April 2018 – De Politike Kommisje fan de Ried hat oerlis hân mei de Provinsje, dy’t fertsjinwurdige wie troch deputearre Poepjes. Hja hawwe praat oer in tal ûnderwerpen praat dy’t earder besprutsen binne mei Ynlânske saken.

20 desimber 2017 – In delegaasje fan de Politike Kommisje (POK) fan de Ried (Bearn Bilker, Piet Aardema en Jos van de Horst) hat in petear hân mei amtners fan it ministearje fan Ynlânske Saken oer ferskate ûnderwerpen, sa as de behyplike status fan it Frysk yn it ûnderwiis, Dingtiid, de rol fan gemeenten by de útfiering fan de ‘Wet brûken Fryske taal’ en it streektalesympoasium yn Dimter (fan 7 novimber). Der wie in skeel tusken Ynlânske Saken en de POK oer de posysje fan it Frysk yn it ûnderwiis: neffens de amtners (mei de Taalatlas yn e hân) falt it wol wat ta.

20 septimber 2017 – It Steatekomitee Frysk hat mei de Kommissaris fan de Kening ein augustus op wurkbesite west yn Dútsktalich België: Eupen. In wurkgroep is no dwaande om te sjen wat wy yn Fryslân brûke kinne fan harren oanpak.

15 septimber 2017 – De Politike Kommisje hat gear west oer de tarieding op de lobby yn De Haach, mei ûnder oaren petearen op it Ministearje fan Ynlânske Saken.

3 april 2017 – De Ried hat de nije Politike Kommisje (POK) frege om ûnder oaren te set te gean oer de ymplemintaasje Wet brûken Fryske Taal. Wy hawwe de POK frege om in lobby datoangeande op te setten en besykje foar inoar te krijen dat de Twadde Keamer ek yn it spier komt. De POK hat in konsept-brief makke foar de ynformateur dy’t ynkoarten ferstjoerd wurde sil.