9 oktober 2017 – De petearen mei de provinsje oer in nije opset fan It Nijs (mear ynsette as taalhelpmiddel) binne dreech. De betingsten lykje te feroarjen yn de rin fan de tiid. De hoop is dat troch de digitalisearring de sichtberens fan it Frysk grutter wurde sil, dat ek oare groepen en
organisaasjes harren oansprutsen fiele en dat de jongerein him ek makliker om de Fryske saak bekroadzje sil.
20 april 2017 – Frysk op ’t ynternet: wy binne mei in útstel dwaande om mei de Provinsje Fryslân te bepraten. It giet dan foaral om de sichtberens fan it Frysk en hoe’tst oare Friezen (en dan benammen de jongerein) der by belûke kinst. Yn dat ramt is ek praten mei Jacco de Boer om it brûken fan de sosjale media foar de Fryske saak oan te poenen.
30 jannewaris 2017 – De sichtberens fan it Frysk yn kombinaasje mei Frysk op ’t ynternet is algeduerigen by de Ried oan de oarder. Sa sykje wy no in Fryske flogger en wolle wy de sosjale media better brûke om ek de jongerein derby te krijen.