Fryske Reklamepriis/De Fear/Plombrief

Juny 2019 – De Ried hat besletten in plombrief ta te kennen oan de Kampioen, it ledeblêd fan de ANWB, fanwege de útjefte fan in Frysk omslach. De Ried stjoert regelmjittich plombrieven nei persoanen of ynstânsjes dy’t it Frysk brûke om wurdearring foar dat inisjatyf oan te jaan. 

Maaie 2019 – De winner fan de Fryske Telefyzjereklamepriis oer 2018 is wurden ‘Grutsk op ús Greidefûgels’ fan it projektteam mei deselde namme, in gearwurking fan ferskate partyen op it mêd fan natuerbehear. It spotsje krige 75% fan de stimmen.

April 2019 – Yn maaie sil opnij de Fryske Telefyzjereklamepriis holden wurde. Der sille trije telefyzjespotsjes nominearre wurde.

Desimber 2018 – De winner fan de Fryske Reklamepriis 2018 (radio) is GGD Fryslân mei de kampanjespot fan 113 selsmoard previnsje mei de titel ‘Stel de fraach fan dyn libben’. It spotje krige mear as de helte fan alle stimmen. Lês ek: 113 selsmoard previnsje is winner fan Fryske Radioreklamepriis

July 2018 – Op 19 july is de ‘Fear yn `e broek’ foar it omgean mei it Frysk útrikt oan direkteur Hettinga fan Arriva op it plein by de Aldehou yn Ljouwert. Op en yn de bussen binne in protte teksten yn it Frysk, de nammen fan de stasjons wurde yn it Frysk omroppen, de meiwurkers hawwe it Frysk goed yn `e macht. Dat is krekt sa`t de Ried it graach sjocht: it befoarderjen fan de deistige sichtberens fan it Frysk. Arriva is dêr in hiel goed foarbyld fan. Lês ek: ‘Fear’ foar Arriva Nederlân

Juny 2018 – De winner fan de Fryske Reklamepriis 2018 (telefyzje) is Mazzelshop Camping Totaal, dy’t op 28 juny it Grutte Pierbyldsje mei in oarkonde útrikt krige hat fan Nina Hiddema, de ynterimdirekteur fan Omrop Fryslân. Hja hiene twatredde fan de stimmen foar harren spotsje Camping ûnderweis. In byldsje is ek oerlange oan de skriuwer, skepper en produsint Wilfried Bijma fan Merlin produksjes, dy’t mei dy priis derby al trije kear it winnende spotsje úttocht hat. Oane Bos fan Sibrandabuorren wie de publykswinner en krige in i-Pad mei nei hûs ta.

Juny 2018 – Der binne plombrieven ferstjoerd nei it pankoekrestaurant De Duivelsberg yn Berg en Dal en Noordenbos Leanbedriuw yn Wyns fanwegen it brûken fan de Fryske taal. De Ried hopet dat it belied fan soksoarte bedriuwen de Fryske hoareka en it MKB ynspirearje sil om it Frysk ek te brûken.

1 maaie 2018 – De nominaasjes foar de Fryske Telefyzjereklamepriis binne bekend makke. Fan 1 maaie oant en mei 31 maaie kinne jim stimme foar de Fryske Reklamepriis. Yn dit healjier rikt de ried de reklameprizen foar telefyzje út. Jimme stimme dochs ek?

5 april 2018 – Elkenien mei in Frysktalige berte-advertinsje kriget in kaartsje fan de Ried. Dat wurdt byholden troch frijwilligers.

30 maart 2018 – De nije webside fan de Fryske Reklamepriis stiet online. Foar alle berjochten oer de Reklamepriis, oant en mei de priis útrikking, folgje: https://www.facebook.com/fryskereklamepriis/

15 jannewaris 2018 – Foar de Fryske Reklamepriis is besletten dat in kommisje út de Ried in seleksje makket fan nominearre reklames dy’t op in nije webside fan de Fryske Reklamepriis komme te stean. It publyk sil oproppen wurde om middels de digitale kanalen te stimmen. It iene healjier telefyzjereklame, it oare radioreklame.

31 augustus 2017 – Bakkerij Nico en Aeltsje de Groot fan Stiens wint dit jier de Fear yn ’e broek foar it omgean mei it Frysk. Op 31 augustus middeis om 14.00 sil de priis útrikt wurde, yn de Bakkerij sels. Yn de kommunikaasje nei bûten ta makket de winkel altyd wer dúdlik dat it Frysk wolkom én gewoan is. De Fear wurdt útrikt oan persoanen en ynstellingen dy’t har tige fertsjinstlik makke hawwe op it mêd dêr’t de Ried fan de Fryske Beweging him foar ynset. Dêr is Bakkerij De Groot fan Stiens in hiel goed foarbyld fan.
Sjoch ek it nijsberjocht hjiroer op It Nijs.
Sjoch hjir foar mear ynformaasje oer de Fear.

24 july 2017 – de Ried stjoert yn foarkommende gefallen persoanen, organisaasjes en ynstellingen, dy’t har sichtber iepenstelle foar it Frysk of it op sa’n bysundere wize brûke of brûkt hawwe, in plombrief. De Ried hat yn de lêste gearkomste foar de fakansje mar leafst trije plombrieven takend.

  • oan de ‘Partij voor de Dieren’ foar it folslein Fryske ferkiezingsprogramma ‘Plan B’. Lês hjir de brief.
  • oan de hear mr Theo Hiddema foar it oertsjûgend ymplementearjen fan it Frysk (syn memmetaal) yn syn ‘maidenspeech’ 7 april lêstlyn yn de 2e Keamer yn De Haach. Lês hjir de brief.
  • oan de hear Jan Huitema, europarlemintariër, foar it tasprekken fan de plenaire gearkomste fan it Europeesk Parlemint op 12 juny. Lês hjir de brief.

12 juny 2017 – de Ried fan de Fryske Beweging rikket alle jierren de Fear út oan in persoan, ynstelling as ûndernimming dy’t de Fryske taal in prominint plak jout yn de kommunikaasje nei bûten ta. Yn har gearkomste fan 12 juny hat it bestjoer wer in Fear takend. Meikoarten meitsje wy de winner bekend, op deselde dei as de útrikking.