Ferkiezingen

15 febrewaris 2017 – De Ried hat te set west oer de programma’s fan de ferskate politike partijen om te sjen wat hja foar hawwe mei it Frysk en Fryslân. Trije partijen wolle it Frysk yn de Grûnwet opnimme litte (ChristenUnie, CDA en SP). Under oare D66 wol provinsjes ôfskaffe en dêrfoar yn it plak stedsregio’s ynstelle.

31 jannewaris 2017 – It noasket de Ried net dat it noardlik debat foar de ferkiezingen organisearre wurdt troch RTV-Noord yn gearwurking mei Omrop Fryslân en yn it Akademygebou yn Grins plakfine sil. Sa’t it no liket komme Fryske ûnderwerpen net oan bod. Sa wolle guon partijen de provinsjes opheffe.