Novimber 2019 – De jierlikse Fedde Schurer lêzing hie as tema ‘Minder jarre, mear boeren, mear fûgels’. De kaartferkeap dy’t troch de Ljouwerter Krante regele waard rûn sa goed (250 oanmeldings) dat der útwykt wurde moast nei in gruttere seal yn it Oranje Hotel. Sprekkers wienen Theunis Piersma oer oplossings foar it Fryske plattelân en Pieter van der Valk, feehâlder yn Gaast, oer it ekonomyske aspekt fan de lânbou.
Septimber 2019 – Theunis Piersma hat tasein mei te wurkjen oan de Fedde Schurerlêzing. Dy sil holden wurde op 9 novimber yn it Oranjehotel yn Ljouwert. As twadde sprekker sil Pieter van der Valk, feehâlder út Ferwâlde, frege wurde. Hy is it meastentiids net iens mei Piersma.
Maart 2019 – De Ljouwert Krante hat tasein mei te wurkjen oan de organisaasje fan de Fedde Schurerlêzing. Benammen op it mêd fan kommunikaasje en PR ferwachtet de Ried dat in grutte stap makke wurde kin.
April 2018 – It leit yn de bedoeling de folgjende Fedde Schurerlêzing (op de earste sneon fan novimber) net allinnich mei Tresoar te organisearjen mar ek yn de mande mei oare organisaasjes sa as Campus Fryslân en de Fryske Akademy. Dat sil fierder útwurke wurde.
Novimber 2017 – De Fedde Schurerlêzing is holden op 25 novimber oer in Universitêre festiging yn Fryslân troch de histoarikus prof. dr. Willem Frijhoff. Foar takomme jier tinke wy nei oer in oare opset mei mear organisaasjes.