Bestjoerssaken

Febrewaris 2020 – Nynke Beetstra is nij bestjoerslid wurden fan de Ried. Hja hat koartlyn ôfskied naam as bestjoerslid fan Folkshegeskoalle Schylgeralân. Nynke is mei pensioen mar hat noch wol in eigen oersetburo Taalwurk Fryslân.

Jannewaris 2020 – De Ried is úteinset mei in nijsbrief foar stipers. It leit yn de bedoeling om stipers in kear of fjouwer yn it jier op de hichte te hâlden fan wat der omgiet by de Ried.

Desimber 2019 – Hans Kort hat ôfskied naam as bestjoerslid fan de Ried. Hy hat sûnt 2015 yn de Ried sitten. As frijwilliger sil hy de kommende tiid noch dwaande wêze foar de Ried, mei û.o. kommunikaasje. Nina Peckelsen hat fanwegen drokte ek ôfskied naam fan de Ried.

July 2019 – Folkje Koster wurdt beneamd ta skriuwer fan de Ried. Renze Valk en Geeske Krol-Benedictus wurde beide ekstern adviseur.

Maaie 2019 – Op 20 maaie is de Grutte Ried útnûge foar in gearkomste yn Marsum. It MFS fan Marsum siet grôtfol minsken. Tal fan saken binne besprutsen. Neist it oerke formaliteiten wie der mear tiid ynromme foar it neiprogram. It selskip Breinroer hâlde har foarstelling fan De Grins/De Grens. Yn in ynteraktive foarstelling waard de oanwêzigen in spegel foarhâlden oer (it striden foar) de Fryske taal. 

April 2019 – Nina Peckelsen is oansteld as meiwurker foar PR en kommunikaasje en Frank de Boer as bestjoersadviseur. Hy is betûft op it mêd fan juridyske saken, benammen op it gebiet fan minderheidstalen.

Maart 2019 – Baukje Westra sil tenei ek korreksjewurk dwaan foar It Nijs. It bestjoer hat Frank de Boer op it each as bestjoersadviseur. Der wurdt ek socht nei in meiwurker foar PR en kommunikaasje dy’t tagelyk ek redaksjelid foar de jongerein wurde kin.

Febrewaris 2019 – Wy hawwe it beslút nommen om fjouwer kear yn ’t jier in nijsbrief te fersoargjen. Dy wurdt publisearre op ItNijs.frl, en nei ús stipers en oansletten organisaasjes stjoerd. It Bypraterke komt dêrmei te ferfallen.

Jannewaris 2019 – Geart Benedictus hat yn desimber syn foarsitterskap en bestjoersfunksje dellein. It bestjoer siket in nije foarsitter. Oant en mei maaie wurdt it foarsitterskap waarnommen troch Pier Bergsma. Lokkich bliuwt Benedictus foar de Ried beskikber as ekstern adviseur foar politike saken.

Desimber 2018 – Op de bestjoersgearkomste hat de Ried ôfskied nommen fan twa bestjoersleden en ús adviseur. Renze Valk hat jierrenlang de skriuwer wêst fan de Ried. Syn wiidweidige netwurk hat de Ried in soad fertuten dien. Siem de Vlas hat sûnt de betinking fan Kneppelfreed yn 2011 him ynset foar de Ried, under oaren foar pr-saken, de Fryske Reklamepriis en Wat ús Bynt. Hy stiet bekend om syn kreative brûken fan de Fryske taal. Sybren Posthumus wie adviseur fan de Ried, en hat benammen op it mêd fan de strategyske beliedsplannen in protte stipe jûn oan it fuortsterkjen fan de ynfloed fan de Ried.

Oktober 2018 – Nei oanlieding fan in petear mei Omrop Fryslân is de Ried stipe oanbean op it mêd fan publisiteitssaken. Hja sille yn de mande mei de nije PR-kommisje in opset foar in PR-plan meitsje.

Maaie 2018 – Yn de gearkomste fan de Grutte Ried is it nije Strategysk Plan 2018-2021 fêststeld. In pear wichtige punten binne it opstellen fan lange termyn doelen foar it Frysk, it fuortsterkjen fan in brede en stevige netwurkorganisaasje dy’t foar Fryslân en syn identiteit yn brede sin opkomt (WUB), in soarte fan “Taalwacht” ynstelle dy’t de oerheden ferget op it neikommen fan de Taalwet en it publyk mear oansprekt, dêrby belûkt en bewust makket. Fierders moat der in bettere lobby foar Fryslân komme en
wol de RfdFB in bettere PR opsette foar de Fryske saak en foar de Ried sels.

12 april 2018 – De Ried hat op in pear bestjoersgearkomsten te set west oer it nije Beliedsplan 2018 – 2021. Dit sil bepraat en fêststeld wurde op de gearkomste fan de Grutte Ried (de algemiene ledegearkomste) yn maaie.

30 maart 2018 – It bestjoer wol stipers en freonen regelmjittich byprate oer de rinnende saken. Nei’t wy mei de Swingel ophâlden binne sil der in nijsbrief foar yn it plak komme. De earste is krekt ferstjoerd. Fansels kinne jim de rinnende saken ek folgje op dizze webside.

16 febrewaris 2018 – It beliedsplan fan de Ried wie sa stadichoan ôfwurke en dêrom is it bestjoer dwaande om foar de kommende jierren in nij beliedsplan te skriuwen. It freget in protte oerlis om in goed en oersichtlik plan op tafel te krijgen.

17 jannewaris 2018 – Der hat in petear west tusken de Rabobank en ús ponghâlder oer ús belizzingen en de kosten dy’t de Rabo dêrfoar yn rekken bringt. It deistich bestjoer fan de Ried hat besletten om ynearsten by de Rabobank te bliuwen.

22 desimber 2017 – Us frijwilligers hawwe om de krystdagen hinne in fysike blyk fan wurdearring krigen.

4 desimber 2018 – Omrop Fryslân hat in wetlik fêstlein ProgrammaBeliedbepalend Orgaan mei Richt Sterk as de fertsjintwurdiger út namme fan de Ried. Richt Sterk is frege as opfolger fan Jaap van der Bij.

1 desimber 2018 – Oan it bestjoer fan de Ried is útsteld om it stipersjild te ferheegjen fan 20 nei 25 euro mei yngong fan it jier 2018.

1 novimber 2017 – Begjin july is ús de hier opsein. It gebou op It Keetwaltsje sil delhelle wurde en der komme apparteminten. Wy hawwe ûnderwilens in nij plak fûn by Tresoar mei yngong fan 1 novimber.

1 oktober 2017 – Arjen Dykstra út Nes (D) wurdt yn oktober 2017 de nije ponghâlder. Hy is al langere tiid belutsen by de Fryske saak en is op dit stuit ûnder oaren ponghâlder fan it Bûsboekje.

25 septimber 2017 – Pier Bergsma sil nei de Streektaalkonferinsje yn De Haach op 13 oktober. Net as fertsjinwurdiger fan de Ried mar op eigen titel.

18 maaie 2017 – Oprop foar entûsjaste nije besjoersleden en frijwilligers – de Ried hat in oprop útstjoert foar nije minsken dy’t mei ús oan de saken fan de Ried wurkje wolle. Sjoch hjir foar mear ynformaasje.

1 april 2017 – Us ponghâlder Meine Bosma hat syn funksje dellein per 1 april 2017. Wy sykje nei in betûfte opfolger. De jierrekken 2016 is opsteld en kin yn de grutte Ried fan maaie fêststeld wurde. Dan nimme wy ek ôfskied fan Lageveen en fan Bosma.

31 jannewaris 2017 – Wy sille yn de gearkomst fan 11 maaie 2017 op passende wize ôfskied nimme fan ús adviseur Wiebe Lageveen – hy hat mear as in fearnsiuw belutsen west by it wurk fan de Ried fan de Fryske Beweging.

15 desimber 2016 – De Ried is tige wiis mei al de frijwilligers dy’t krewearje foar de Fryske saak – wy sille der omtinken oan jaan.