Bestjoersôfspraak Fryske Taal en Kultuer

Septimber 2019 (foto: Hindrik Sijens, Flickr) – Yn oerlis mei de Provinsje en Sis Tsiis wurdt de Fêste Keamerkommisje Ynlânske Saken útnûge foar in besite oan Fryslân.

Juny 2019 – Op 26 juny sil it Algemien Oerlies wêze fan de Fêste Keamerkommisje Ynlânske Saken mei minister Ollongren. It doel is om foar de gearkomste op it plein foar de Twadde Keamer in lytse manifestaasje te hâlden om it publyk en de parse te wizen op it belang fan it goed omgean mei de Fryske taal troch de oerheid.

April 2019 – De Fêste Kommisje foar Ynlânske Saken hat besletten ta algemien oerlis mei de minister fan Ynlânske Saken, Ollongren. Hja wiene net tefreden mei de reaksje fan Ollongren op de Skaad-BFTK dy’t de Ried yn desimber oerlange hie oan de Kommisje. De reaksje fan de Ried wie troch de Kommisje ek meinommen yn syn oerwagingen om in Algemien oerlis te belizzen.

Febrewaris 2019 – Nei oanlieding fan de petysje dy’t Ried oanbean hat yn de Haach hat de keamerkommisje fan Ynlânske Saken kontakt opnommen mei de ferantwurdlik minister Ollongren. De Ried hat ûndertusken in reaksje jûn op it antwurd fan de minister op fragen fan de kommisje.

Desimber 2018 – Op tiisdeitemiddei 18 desimber wie de Ried yn De Haach en hat dêr yn de Twadde Keamer in petysje oanbean oan de fêste keamerkommisje fan Ynlânske Saken. Dy petysje wie basearre op de konklúzjes fan ús Skaad-BFTK. Wy wiene yn De Haach mei in tal bestjoersleden en koene in praatsje meitsje mei de keamerleden yn de kommisje. De LC en it FD hawwe rom omtinken jûn oan dizze aksje. Sjoch fear mear ynformaasje dit artikel op ItNijs.frl

27 juny 2018 – De saneamde skaad-BFTK (Bestjoersoerienkomst Fryske Taal en Kultuer 2019-2023) “Dúdlike doelen foar in Fryske takomst” is oanbean oan deputearre Sietske Poepjes en de foarsitter fan it Steatekomitee Frysk Fenny Reitsma. Tige wichtich punt is it oantrunen op better ûnderwiis oer alle boegen. De kommisje hat dêr in protte wurk foar ferset en is troch de deputearre útnûge bywêzich te wêzen by de ûndertekening fan de echte BFTK kommende hjerst. Wy sille noch neigean oft it doel hat om de skaad-BFTK ek yn De Haach oan te bieden (mei in oersetting).

5 maaie 2018 – Op dit stuit wurdt troch in pear riedsleden yn de mande mei in pear oaren hurd wurke oan it skriuwen fan in Skaad-Bestjoersôfspraak Fryske Taal en Kultuer 2019-2023.

3 april 2018 – De Provinsje en it Ryk sille yn de rin fan dit jier de folgjende Bestjoersôfspraak Fryske Taal en Kultuer fêststelle. Yn it foartrajekt kin dêr kommentaar op levere wurde. In wurkgroep fan it bestjoer is dwaande om it gehiel kritysk te besjen. Nei de miening fan de Ried stiene der yn de foarige oerienkomst ûnderdielen dy’t it Frysk net ten goede kamen. Boppedat misten der ûnderdielen.