19 april – Op 6 maart waard de earste gearkomste fan WUB (Wat ús bynt) holden mei sa’n 30 organisaasjes. Elk fan dy organisaasjes jout útsoarte in eigen sfear oan wat wol de Fryske identiteit neamd wurdt. Deputearre Poepjes hat de ôftraap jûn.
6 maart 2018 – It giet oan. De startgearkomste fan Wat ús bynt (WUB) sil plakhawwe op tiisdei 6 maart, de jûns om 19.30 oere by Keunstwurk yn Ljouwert. Foar alle organisaasjes oansletten by de Ried: kom del. WUB stiet foar it inisjatyf om alle Fryske organisaasjes dy’t kleur jouwe oan it eigene fan Fryslân mei-inoar te ferbinen. De ôftraap wurdt dien troch deputearre Poepjes.
7 april 2017 – De Ried hat yn de mande mei oare organisaasjes yn it spier west om WakkerFrl fierder stâl te jaan – ek de Provinsje is oanskood. Wy besykje in 60-tal organisaasjes by inoar te krijen mei it biedwurd Wat Ús Bynt.
20 desimber 2016 – Wy gean stadichoan troch mei it útwurkjen fan WakkerFrl: alle organisaasjes dy’t Fryslân ta Fryslân meitsje yn in netwurkorganisaasje by inoar helje en mei nijmoadrige kommunikaasje de Fryske saak stypje. Ynearsten hawwe wy in 50-60 organisaasjes op it each dy’t yn 8 groepen ferparte binne om ta in alliânsje foar Fryslân te kommen. De provinsje tinkt ek mei ús mei. Yn de earste helte fan it oare jier komt der in grutte gearkomst om it konkreter te meitsjen.