Baukje Westra

Docht sûnt maart 1993 de administraasje fan de Ried. Tiden hawwe tiden: yn de jierren njoggentich moast der noch in soad kopiearre en mei de post ferstjoerd wurde, tsjintwurdich kin it measte fia de mail. Ek it oantal tillefoantsjes is yn de rin ’e tiid aardich minder wurden; ek dêr is de mail foar yn it plak kommen. Fierder hâldt hja de ledebestannen by en soarget hja derfoar dat de ynkommende post ferwurke wurdt, rekkens betelle wurde en de boekhâlding yn de kompjûter komt.

Sûnt in jier of tsien notulearret hja ek by de bestjoers- en riedsgearkomsten.

Hja hat Klassike Talen studearre yn Grins; dêr is de leafde foar de Fryske taal ûntstien. Sûnt dy tiid is hja begongen yn Fryslân eltsenien yn it Frysk oan te sprekken en, as dat net foar grutte problemen soarge(t), altyd Frysk te praten. It docht bliken dat it hieltyd gewoaner fûn wurdt om yn it Frysk oansprutsen te wurden en sels twatalige petearen wurde de measte Hollânsk-praters net mear oars fan.