Aant Mulder

Aant Mulder is sûnt koart bestjoerslid fan de RFFB. Hy is hikke en tein yn Poppenwier en wennet sûnt de santiger jierren yn Balk. Hy hat him altyd dwaande holden mei twa dingen: ûnderwiis en Frysk. Eins is dat noch altyd sa.

De stúdzje Frysk hat fan gefolgen hân, dat er lesjouwer foar de Afûk wurden is en sa stadichoan in ferskaat oan kursussen jûn hat. Dêr heart wat him oanbelanget it skriuwen fan lesmaterialen en it meidwaan oan kommisjewurk gewoan by. Fan en ta lit er yn kollums en artikels hearre hoe’t er oer guon Fryske dingen tinkt.

Tusken ferline en no leit syn motivaasje foar it Frysk. As skoaljonge fûn er it gewoan dat er yn in Fryske situaasje grut waard. No komt yn syn artikels en kollums eins alle kearen wol oan ‘e oarder, dat it Frysk net altyd mear gewoan fûn wurdt.

Dat is him in stikel yn it foet. As hy, no ek as bestjoerder fan de RFFB, krewearje kin om de eigen taal wat mear de romte te jaan, dan docht er dat mei nocht en wille.

forbrukslån uten fast jobb | depositum lån depositum definisjon