De Ried fan de Fryske Beweging is de belange-organisaasje foar minsken dy’t wiis binne mei Fryslân en har ynsette foar mear romte foar it Frysk en de Fryske kultuer. De Ried is in ûnôfhinklike frijwilligersorganisaasje. It is in stifting, dêr’t ferskate  organisaasjes by oansletten binne. In oersjoch fan dy organisaasjes stiet hjirûnder.

De Ried wurket mei in Deistich Bestjoer en in stikmannich  kommisjes en wurkgroepen fan riedsleden en frijwillige meiwurkers. Alle kommisjes beoarderje selsstannich in beskate taak. Foar in part strike de aktiviteiten mei it belied en de doelstellings fan de provinsje Fryslân; faak binne se dêr ek in oanfolling op.

Dêrnjonken is de Ried mei-organisator fan de ‘Fryske Reklamepriis en rikt hja ien kear yn ‘t jier de Fear yn ‘e Broek út. De Ried is wakker aktyf op it ynternet. Sa is de Ried te finen op Facebook en Twitter. De Ried hat ek ferskate siden om minsken yn de kunde komme te litten mei it Frysk, lykas www.itnijs.frl, www.goedfrysk.nl, www.fryskprinteboek.nl.

Jo kinne ‘stiper wurde’ fan de Ried fan de Fryske Beweging. Dat binne jo al foar € 20,- it jier. Jo krije dan ús blêd ‘Swingel’ fergees tastjoerd. En jo kinne meiprate oer aksjes yn it belang fan Fryslân en it Frysk. Jou jo hjir op.

Foar fragen en opmerkings kinne jo maile nei ynfo@fryskebeweging.frl. Of folje it formulier ûnder Kontakt yn. Wy besykje jo berjocht sa fluch as mooglik te beäntwurdzjen.

Jierferslach 2015 fan de Ried fan de Fryske Beweging

Ried fan de Fryske Beweging Jierrekken 2015

UTJEFTEN FAN DE RIED FAN DE FRYSKE BEWEGING
ib3 image
Bûsboekje
De Frysktalige aginda fan de Ried fan de Fryske Beweging
Lês fierder
Swingel 49
AKTIVITEITEN RIED FAN DE FRYSKE BEWEGING
NIJS OER DE FRYSKE BEWEGING
BY DE RIED OANSLETTEN ORGANISAASJES

It Frysk Amatuer Toaniel

It IFAT bondelet alle organisaasjes dy’t it opfieren fan Frysktalich toanielwurk troch amateurs promote.

Wat docht it IFAT?

It IFAT bondelet alle organisaasjes, sawol yn as bûten de provinsje Fryslân, dy’t ta doel hawwe it fuortsterkjen fan de Fryske taal en kultuer en yn it bysûnder it opfieren fan Frysktalich toanielwurk troch amateurs.

Feriening Frysk Underwiis

De F.F.U. is oprjochte om it Frysk as taal in folweardich en oan it Hollânsk lykweardich plak te jaan yn it ûnderwiis

Wat docht it FFU?

De F.F.U. is oprjochte om de krêften te bondeljen fan alle belanghawwenden by en belangstellenden foar folweardich Frysk ûnderwiis.

De Federaasje

De Federaasje fan Fryske Studinteferienings is in gearwurkingsferbân fan Fryske studinteferienings.

Wat docht de Federaasje?

Fia de Federaasje ûnderhâlde de studinteferienings kontakt mei tal fan Fryske organisaasjes. Sa hat de Federaasje fertsjinwurdigers sitten yn De Ried fan de Fryske Beweging, De Fryske Ried en it Europeesk Buro foar de lytse talen.

Betinking Slach by Warns

De Slach by Warns wurdt elk jier betocht op de lêste sneon fan septimber.

De ambysje fan de stifting Slach by Warns

It oprjochtsjen en ûnderhâlden fan in monumint ta betinken fan de Slach by Warns en it organisearjen fan in jierlikse Warnsbetinking yn oerlis mei Fryske Bewegingsselskippen.

De Stellingwarver Schrieversronte

De Ried wol as koepelorganisaasje foar de autochtoane talen yn Fryslân opkomme. Fan dy kant besjoen is it net mear as logysk dat de Stellingwervers yn de Ried meiprate.

Wat docht de Stellingwarver Schrieversronte

De Stellingwarver Schrieversronteit wol mear romter krewearjen foar it Stellingwerfsk.

Selskip foar Fryske tael en Skrifttekennisse

It Selskip hat ta doel it fuortsterkjen fan de Fryske taal en it Frysk eigene yn al syn uteringen.

Wat docht it Selskip foar Fryske tael en Skrifttekennisse?

Nei bûten ta profilearret it Selskip har doelstelling Tael en Skiftekennisse troch it organisearjen, yn ‘e mande mei de Tomke-wurkgroep, fan de Provinsjale Fryske Foarlêswike.

It Frysk Boun om Utens

It Frysk Boun om Utens (It Boun) is de oerkoepeling fan de oansletten kriten bûten Fryslân, yn Nederlân.

Wat docht it Frysk Boun om Utens?

It stiet noed foar de mienskiplike belangen fan de kriten en hat dêr kontakten oer mei de oerheden, Fryske organisaasjes, de media en oaren.

De Feriening Freonen fan Omrop Fryslân

De Feriening Freonen fan Omrop Fryslân (FOF), is de ‘fanklup’ fan de Omrop. It doel fan de feriening is it stribjen nei in goede publike Fryske Omrop foar radio en televyzje.

Wat docht de FOF?

De FOF hâldt kontakt mei har leden fia it ledeblêd Each en Ear, dat fjouwer kear yn it jier útkomt. Se organisearje ekskurzjes yn de maitiid, lêzings, in jiergearkomste yn maart en in kulturele jûn yn'e hjerst. Ek organisearje de Freonen ekskurzjes mei in besite oan in rjochtstreeks radio- of televyzjeprogramma.

Jongfryske Mienskip

De Jongfryske Mienskip beskôget it Fryske folk as in selsstannich folk en in autochtoane minderheid yn Nederlân en Dútslân.

Wat docht de Jongfryske Mienskip?

De Jongfryske Mienskip publisearret fjouwer kear yn ’t jier Lyts Frisia, it ‘Tydskrift foar Fryske striid en literatuer’. Dêrneist stipet de feriening minsken dy’t har ynsette wolle foar de Fryske saak.

Stifting Krúspunt Frysk Oekumenysk Platfoarm

Krúspunt is it moetingsplak foar organisaasjes en persoanen dy’t mear wolle en kinne mei it Frysk yn en om tsjerke.

Wat docht it Krúspunt?

Krúspunt, oan ‘e digitale snelwei fan ynternet, sammelet alle ynformaasje, nijs en ûntwikkelings, dy’t raakflakken hawwe mei tsjerke/religy en de Fryske taal/streek­ta­len.

De Fryske Rie

De Fryske Rie hat as doel it ûntwikkeljen en bekend meitsjen fan de Fryske kultuer yn brede sin (dus ek de Fryske taal), mei help fan ynternasjonale kontakten.

Wat docht de Fryske Rie?

Aktiviteiten dy’t yn it each springe, binne it organisearjen fan it Ynterfryske kongres, it Friesen-Droapen op Hilgelân en reguliere moetings fan groepen út de Fryske befolking.

Folkshegeskoalle Schylgeralân

Al goed 60 jier komme gasten nei dit bysûndere plak yn de Skylger bosk om oaren te moetsjen, har te ûntjaan en har thús te fielen by it Fryske mienskipsgefoel.

Wat is de Folkshegeskoalle Schylgeralân?

De Folkshegeskoalle bestiet sûnt 1948 en is boud op de fûneminten fan bunkers. Al goed 60 jier komme gasten nei dit bysûndere plak yn de Skylger bosk om oaren te moetsjen, har te ûntjaan en har thús te fielen by it Fryske mienskipsgefoel. Folkshegeskoalle Schylgeralân biedt ûnderdak oan sa’n 35 kursussen en aktiviteiten. Jo binne fan herte wolkom om hjir te kommen en te genietsjen, allinnich, tegearre of mei in groep.

forbrukslån uten inntekt | forbrukslån under 25 år forbrukslån hvor lang tid