Selskip foar Fryske tael en Skrifttekennisse

WAT IS EN DOCHT IT SELSKIP 1844

It Selskip 1844
De skiednis fan it Selskip giet tebek oant 1844. De haadreden foar it oprjochtsjen is lein yn it opkommen en útkommen foar de eigen taal.

It Selskip hat ta doel it fuortsterkjen fan de Fryske taal en it Frysk eigene yn al syn uteringen.

It Selskip oerkoepelt yn Fryslân de Kriten fan Easterwâlde, Hearrenfean, Ljouwert,
Drachten, De Lemmer en Trynwâlden (de tsjerkedoarpen), mei-elkoar sa wat 1200 kriteleden.
It bestjoer wurdt foarme troch in ôffurdiger fan eltse oansletten Krite.

Belied, aktiviteiten en projekten fan it Selskip en de oansletten Kriten

Yntern wurdt yn it Selskip in protte tiid stutsen yn bining en belangenbehertiging: ynformaasje en diskusje op de Algemiene Gearkomsten oer belied.
Elts jier is de rûnte “op besite by de Krite”, der wurdt foar soarge dat de Kriten elkoars nije winterprogram krije.

Nei bûten ta profilearret it Selskip har doelstelling Tael en Skiftekennisse troch it organisearjen, yn ‘e mande mei de Tomke-wurkgroep, fan de Provinsjale Fryske Foarlêswike.

It Provinsjaal Projekt Foarlêzen oan pjutten wurdt gemeentlik oppakt mei help fan rûm 45 kontaktpersoanen en mear as 400 foarlêzers.
Jierliks wurde in 17.000 Tomke-boekjes te plak brocht en yn de Fryske Foarlêswike wurdt oan tûzenen pjutten foarlêzen, sawol yn it Frysk, Stellingwerfs as Bildsk.
Koartlyn is de gemeente Ljouwert oan it Projekt taheakke.

De Kriten
Mei-elkoar organisearje de Kriten jierliks krapoan 50 aktiviteiten, de measte dêrfan fine plak yn it winterskoft. It winterprogramma fan de Kriten omfiemet in breed skala oan aktiviteiten:
*** literêre jûnen, boekbesprekkings sawol mei de skriuwers sels as ek lêzings oer skiednis,
buorkerijen, plak- en eigen nammen, skûtsjes, belsliden en sa mear,
*** kofjemoarnen mei klassike muzyk, in troubadoer, folksmuzyk,
*** toanieljûnen, kabaret en
*** ekskursjes, in boattocht of in busreis.

Fansels is der romte foar ferdivedaasje. Fierders binne by de Kriten aktiviteiten sa as dûnsploech, koar en toanielspyljen.
It Selskip stjoert har nijs, winterprograms, aksjes, aktiviteiten ensafuorthinne nei it Frysk Boun om Utens dy’t it dan in plakje jout op har hiemside. www.fryskbutenfryslan.nl

Ek de Ried fan de Fryske Beweging hâldt in plakje frij op har hiemside foar it Selskip. It Selskip is oansluten by de Ried fan de Fryske Beweging en IFAT, It Frysk Amateur Toaniel, de lânlike organisaasje foar Frysktalich amateurtoaniel.

Ynformaasje? ? Skriuwerskip: k.kuipers1938@kpnmail.nl
2012/1

Klik hjir foar de webside fan it Selskip foar Fryske tael en Skrifttekennisse

norwegian lån | betale egenkaptial med forbrukslån forbrukslån billigste rente