Jongfryske Mienskip

De Jongfryske Mienskip hat sa’n 50 leden. Neist it feit dat de Friezen in eigen taal & kultuer hawwe, beskôget de Jongfryske Mienskip it Fryske folk as in selsstannich folk en in autochtoane minderheid yn Nederlân en Dútslân.

De Jongfryske Mienskip publisearret fjouwer kear yn ’t jier Lyts Frisia, it ‘Tydskrift foar Fryske striid en literatuer’. Dêrneist stipet de feriening minsken dy’t har ynsette wolle foar de Fryske saak. It krekte doel dêrfan is ferwurde yn kêst 2 fan it JFM-karbrief:

1. De feriening hat ta doel de lykberjochting fan it Fryske folk.
2. De Jongfryske Mienskip set him dêrom yn foar:
a. de Fryske taal en identiteit;
b. in takomstperspektyf foar it Fryske folk mei in demokratysk keazen autonoom bestjoer;
c. bettere en bredere kontakten tusken de ferskillende Fryske lannen.

It earste karbrief is fan 1915. Nei de Twadde Wrâldkriich waard de Jongfryske Mienskip fannijs oprjochte en stelde syn twadde karbrief fêst yn 1951. It hjoeddeistige karbrief fan de Jongfryske Mienskip is by de Algemiene Ledegearkomste fan 14 febrewaris 2012 fêststeld.

De Jongfryske Mienskip is ien fan de oprjochtingsleden fan de Ried fan de Fryske Beweging.

Kontakt
Jongfryske Mienskip
Postbus 719
8440 AS It Hearrenfean

webside fan de Jongfryske Mienskip
E-post adres: jongfryskemienskip@gmail.com

forbrukslån billigste rente | lån på dagen forbrukslån opp finans