IFAT

De haadreden fan it oprjochtsjen fan IFAT is it bondeljen fan alle organisaasjes, sawol yn as bûten de provinsje Fryslân, dy’t ta doel hawwe it fuortsterkjen fan de Fryske taal en kultuer en yn it bysûnder it opfieren fan Frysktalich toanielwurk troch amateurs.

De wurkfjilden fan IFAT lizze oer hiel Nederlân ferspraat. IFAT is oprjochte op 24 july 1953 troch 3 Frysktalige organisaasjes, te witten:

a.   Boun Fryske Toanielselskippen  (yn 2001 opgien yn STAF; dg. BFT selskippen);

b.   Frysk Boun om Utens;

c.   Selskip foar Fryske Tael en Skriftekennisse fan 1844.

IFAT omfettet sa’n 170 toanielferienings/kriten en in 30 jongerein-toanielgroepen mei mear as 10.000 aktive toanielspilers/kriteleden en jierliks mear as 100.000 besikers by Frysktalige útfierings. IFAT is in frijwilligersorganisaasje sûnder betelle overhead. IFAT is de lanlike organisaasje foar Frysktalich amateurtoaniel mei lanlik subsydzje; IFAT kriget fan 1953 ôf lanlik subsydzje: sûnt 2002 yn it ramt fan de Bestjoersôfspraak “Friese Taal en Cultuur”. IFAT stiet foar it: Fuortsterkjen fan … oansetten jaan ta … befoarderje fan … partisipearje yn … kwalitatyf stypjen fan … aktiviteiten fan de trije boppesteande organisaasjes en harren leden.

Sekretariaat IFAT:
Willem Loadewykstrjitte 115
8933 BL Ljouwert / Leeuwarden
telefoan: 058 – 2125383
e-post: k.kuipers1938@kpnmail.nl

webside: IFAT

forbrukslån billigste rente | forbrukslån på dagen forbrukslån til bil