De Federaasje – Fryske studinteferienings

De Federaasje fan Fryske Studinteferienings, hjirnei ôfkoarte as ‘de Federaasje’, is in gearwurkingsferbân fan Fryske studinteferienings.

Op it stuit binne der trije ferienings oansletten: Tsjerk Hiddes út Twente, de F.F.J. Bernlef út Grins en it WSSFS út Wageningen.

Fia de Federaasje ûnderhâlde de studinteferienings kontakten mei Fryske organisaasjes. Sa hat de Federaasje fertsjinwurdigers sitten yn De Ried fan de Fryske Beweging, De Fryske Rie en it Europeesk Buro foar de lytse talen.

De Federaasje is net allinnich in oerlisorgaan, der binne ek tal fan aktiviteiten. It pronkstikje fan de Federaasje is dochs wol it jierlikse Krystkongres yn Frjentsjer. Alle jierren wurdt dat organisearre tusken Krystiid en Nijjier. Meastentiids wurdt dan in foarumdiskusje holden dêr’t de studinten harren fyzje yn jaan kinne oer in bepaald tema. Ek is der alle jierren wer in Kabaretkriich mei datselde tema. Nei it serieuze part is der fansels ek tiid foar wat ûntspanning, dat de jûns is der gauris grut feest en der wurdt dan ek noch striden om de Bierkëlka. Foar de simmer wurdt foar de oansletten selskippen in kamp organisearre. Yn de ûneven jierren is dat it Amelânkamp, op in even jiertal wurdt in Sylkamp organisearre. Ek is der alle jierren in ‘federaasje-keatswedstriid’.

Om alles yn goede banen te lieden hat de Federaasje fansels in Bestjoer, dat gearstald is út de leden fan de ferskillende oansletten selskippen. Foar tal fan saken binne der ek noch kommisjes dy’t it bestjoer in protte wurk út hannen nimme.

forbrukslånhjelpen.no | lendo forbrukslån refinansiering