Fryske Reklamepriis/De Fear/Plombrief

24 july – de Ried stjoert yn foarkommende gefallen persoanen, organisaasjes en ynstellingen, dy’t har sichtber iepenstelle foar it Frysk of it op sa’n bysundere wize brûke of brûkt hawwe, in plombrief. De Ried hat yn de lêste gearkomste foar de fakansje mar leafst trije plombrieven takend.

  • oan de ‘Partij voor de Dieren’ foar it folslein Fryske ferkiezingsprogramma ‘Plan B’. Lês hjir de brief.
  • oan de hear mr Theo Hiddema foar it oertsjûgend ymplementearjen fan it Frysk (syn memmetaal) yn syn ‘maidenspeech’ 7 april lêstlyn yn de 2e Keamer yn De Haach. Lês hjir de brief.
  • oan de hear Jan Huitema, europarlemintariër, foar it tasprekken fan de plenaire gearkomste fan it Europeesk Parlemint op 12 juny. Lês hjir de brief.

12 juny – de Ried fan de Fryske Beweging rikket alle jierren de Fear út oan in persoan, ynstelling as ûndernimming dy’t de Fryske taal in prominint plak jout yn de kommunikaasje nei bûten ta. Sjoch foar mear ynformaasje: De Fear. Yn har gearkomste fan 12 juny hat it bestjoer wer in Fear takend. Meikoarten meitsje wy de winner bekend, op deselde dei as de útrikking.

forbrukslån medsøker | forbrukslånhjelpen forbrukslån på dagen