Frysk yn de rjochtspraak

15 febrewaris 2017 – De Ried hat in WOB-fersyk dien by it ministearje fan Feiligens en Justysje om boppe wetter te krijen hokker ôfwagings makke binne by de reorganisaasje fan de Rjochtbank Noard-Nederlân oangeande de posysje fan de Fryske taal yn relaasje ta de Wet brûken Fryske Taal. Dat hat neat opsmiten. Neffens it ministearje wie dit in ynterne saak fan de RBNN. De Rjochtbank Noard-Nederlân is al foarme by de Herziening Gerechtelijke Kaart (en doe wie de WbFT der noch net). Wol hat it bestjoer fan de RBNN kontakt mei de Ried opnommen om te oerlizzen. Hja tangelje hjir wol mei om, mar de sleauwens fan de Friezen brekt ús op. Der binne eins gjin rjochtsaken yn it Frysk, skriftlik al hielendal net. Wy ha der op oantrune dat de rjochters it Frysk ek echt ferstean moatte, dat de parserjochter Frysk prate moat en de boaden ek. Mar de measte minsken wolle eins net iens Frysk prate om’t hja bang binne dat dat harren saak wol skea dwaan kin.

15 jannewaris 2017 – De Ried wie mei inisjatyfnimmer en dielnimmer oan in Dingpetear oer it Frysk yn de rjochtspraak yn de rjochtbank Noard-Nederlân. De dielnimmers hiene yn harren wurk fan alle dagen streekrjocht te krijen mei de posysje fan de Fryske taal. Hjir komt skielk in aksjeplan foar. De Ried hat besletten sels yn 2017 in WOB-fersyk yn te tsjinjen om dúdlik te krijen oft de soarchplicht foar de Fryske taal wol in rol spile hat by de reorganisaasje fan de rjochtbank yn Ljouwert.

forbrukslån uten inntekt | forbrukslånhjelpen refinansiering