Ferskate saken

Juny 2018 (foto: Hindrik Sijens, Flickr) – Fan 20 oantemei 24 juny wie it 64 ste FUEN (Federal Union of European Nationalities) kongres yn Ljouwert. It wie in grut súkses, mei troch it krewearjen fan Pier Bergsma fan de Ried. Hy hat in bulte wurk ferset om it kongres hjir te krijen, mar ek om it programma en de finansiering rûn te meitsjen. Der wiene mear as 200 besikers fan rûchwei 30 nasjonaliteiten, mei wolkomspraatsjes troch deputearre Poepjes en boargemaster Crone, gasten fan it Europeeske parlemint, Hege Kommissariaat fan Nasjonale Minderheden, ambassadeurs en regionale bestjoerders fan bûten ús eigen lân.

3 maaie 2018 – De FUEN (Föderalistische Union Europäischer Volksgruppen) hâldt op fersyk fan de Ried it kongres yn Ljouwert fan 20 oant en mei 24 juny. Hja ha it haadkantoar yn Flensburg en binne de offisjele adviseur fan de Ried fan Europa oangeande minderheidstalen. It op priemmen setten fan it kongres yn it WTC (foar rûchwei 200 minsken) freget in protte ynset fan de Ried sa as it freegjen fan sprekkers (Crone, Poepjes).

5 april 2018 – De Ried hat it lêste fearnsjier in protte wurk by de ein hân om it Europeesk Boargerinisjatyf Minority Safepack Initiative (foar de 50 miljoen sprekkers fan in minderheidstaal yn Europa) ta in sukses te meitsjen. Nei skoallen ta, reklame ynkocht by Omrop Fryslân, struibledsjes en kettingaksjes betocht, “stim”(teken)buro’s ynrjochte. Sels Eén Vandaag is derop ôfkommen. Al mei al hat bliken dien dat de MSPI-aksje yn Europa genôch (1,2 miljoen) hantekens opsmiten hat; yn Nederlân spitigernôch mar 3400. It moat no yn Brussel by de Europeeske Uny op de wurklist komme.

26 maart 2018 – De aksje om minderheidstalen yn Europa op de wurklist te krijen (Minority Safety Pack Initiative) is in boarger inisjatyf fan de FUEN, de Europeeske organisaasje foar minderheden. De Ried hat him der bot foar ynset de Nederlânske (lês Fryske) bydrage sa heech mooglik te krijen.

17 jannewaris 2018 – It FUEN-kongres sil op fersyk fan de Ried plakhawwe yn Ljouwert. Dat sil wêze fan 20 o/m 24 juny. De Ried is oansletten by de FUEN.

12 jannewaris 2018 – It Frysk Boun om Utens hat op sneon 14 april 2018 yn it Provinsjehûs yn Ljouwert in Algemiene Ledegearkomst en harren Friezedei. Sjoch foar de details ek op it webstee: www.fryskbutenfryslan.frl Opjaan graach foar 12 maart 2018.

10 jannewaris 2018 – De Ried hat in petear hân mei UCF (University Campus Fryslân) om te besjen wat wy foar inoar betsjutte kinne. Der komt ynkoarten in ferfolch op.

8 jannewaris 2018 – It Minority Safety Pack Initiative is yn Brussel en Fryslân yntrodusearre. It tal hantekeningen rint noch net hurd. Der sil mear en der sille oare dingen barre moatte om yn april 2018 genôch hantekeningen te hawwen. De Ried is yn oerlis mei belútsen organisaasjes.

15 desimber 2017 – De Ried hat skriuwerij de doar útdien oangeande it advys fan de Raad voor Cultuur. Wy binne fan betinken dat der in aparte regio Fryslân (RIS) komme moat en dat de Ried in boarge/ fêste sit yn dy Raad krije moat.

3 desimber 2017 – Yn it bestjoer is de aksje fan de KPN bepraten om tenei Omrop Fryslân net mear lanlik troch te jaan. It pleit is om mei de fuotten te stimmen: dus manmachtich oergean nei in oare provider. De Ried sil earst ek noch kontakt sykje mei de KPN.

forbrukslån | forbrukslån refinansiering forbrukslån til egenkapital