Bestjoerlik oerlis

7 april 2017 – De Ried wie mei de Provinsje útnûge troch de Beauftragte der Bundesregierung für Aussiedlerfragen und nationale Minderheiten yn Berlyn. Dit is neffens de ôfspraken út it Hânfêst: de sintrale oerheid moat regelmjittich oerlizze mei de nasjonale minderheden. Us regear lit dit slim sloere – ek Dingtiid kriget hjir gjin beweging yn.

15 desimber 2016 – De Ried hat in bestjoerlik oerlis hân mei it provinsjaal bestjoer yn de persoan fan deputearre Poepjes. Op de wurklist stiene ûnder oaren WakkerFrl, de Taalwet, in eigen lobbyist yn Brussel en de foarbyldfunksje fan de Provinsje. Opnij is op it aljemint brocht dat de Provinsje noch nea in Frysktalich stik by de rjochtbank yn Ljouwert oanbrocht hat, wylst hja hast alle dagen wol saken hawwe.

lån på dagen | depositum lån forbrukslån test