ANBI Status

24 maaie – de jûn út it berjocht fan 10 maaie hat ûndertusken plak fûn. Sjoch foar mear ynformaasje It Nijs berjocht oer Kneppelwoansdei

10 maaie – Ofpraten is dat yn de mande mei Tryater it ANBI-gefal (op it aljemint brocht troch it doarpsbelang fan Aldegea (Sm)) te brûken foar it brûken fan de sosjale media foar de Fryske saak: in filmke op ynternet, Facebook-side opsette en in rjochtsaak yn it Neushoarnkafee (dat sil heve op woansdei 24 maaie – opskriuwe en hinne). Neffens de regels yn ús lân mei in ANBI-stifting syn jierferslach om de ANBI-status te hâlden net yn it Frysk op it webstek sette, mar wol bygelyks yn it Dútsk of Frâns. Dit raast oan de protters fansels – dit is ek dellein by Dingtiid.

12 desimber 2016 – De ANBI-status fan in organisaasje ferfalt as de opjefte yn it Frysk dien is. De Belêstingtsjinst pisset hjir opnij njonken de pot. Wy hawwe ferskate aksjes útsetten om harren wer op it goeie spoar te krijen. Hulde oan it doarpsbelang fan Aldegea (S)!

forbrukslån pris | ta opp forbrukslån forbrukslån vurdering